Guon Fryske stêden hienen in ‘stedsboek’, dat meastal yn de 15e iuw opsteld wie. Yn sa’n stedsboek stienen de regels dy’t soargen dat it deistich libben yn de stêd oarderlik en feilich ferrûn. It is opfallend dat de rigels yn it Hollânsk opsteld binne, en net yn it Aldfrysk. Dat jout al oan dat foar de stêden it Hollânsk yn de rin fan de 15e iuw al mar wichtiger waard – net om ‘e nocht wurdt no yn de measte stieden ek Stedsfrysk praat, dat in hiel soad Hollânske ynfloed hat. Dit Snitser stedsrjocht fan 1456 is ek yn it Hollânsk, ek al is de rest fan dit tsjokke rjochtsboek hielendal yn it Aldfryske skreaun.
Transkripsje:
[D]it is die ordinantie der rechten, koren ende broken die die burgemeesters, schepenen ende die raedtsluyden der stadt van Sneeck eendrachteliken gemaecket hebben,(…) int iaer ons Heeren Mocccco ende ses ende vyftich des woensdaghes voer Sunte Georgius dach martyris.
Oersetting:
Dit is de feroardering fan de gewoanterjochten, de keazen regels en de boetes dy’t de boargemasters, skepenen en riedslju fan de stêd Snits mei-inoar fêststeld ha (…) yn it jier 1457, de woansdeis fóar Sint Joris de marteler.