Fryslân
Bron

It Aldfrysk stiet bekend om syn poëtyske rjochtsregels. Dit is in hiel goed foarbyld: in soad alliteraasje, bylden en oare stylmiddels. Mar útienlik is it in rjochtsregel: in frou hat gjin ekonomyske macht, dy leit by de man. Mar as dy man er net mear is, hoe sil se dan foar har bern soargje? Yn dat gefal mei se it erfdiel fan har bern ferkeapje, sadat se it fiede kin, en it sûn en waarm hâlde. Dit boek is trouwens net in hânskrift, mar in drukte tekst. It earste yn it Frysk drukte boek sels!

Transkripsje

Dyo tredde need is: als dat kind is al stocnaken jefta huuslaes ende dan di tiuestera nevil ende calda winter oencomt, so faert allermanick oen syn hof ende oen syn huis ende an warme1 gaten, ende dat2 wiilda dier seket diin holla baem ende der birgha hlii aldeer hit siin liif oen bihalda mey. So weinet ende scryt dat onjeriga kind ende wypt3 dan syn nakena lyae ende siin huuslaes ende syn fader, deer him reda schuld tojenst dyn honger ende winter nevilcald, dat hi so diepe ende dimme mitta flower neylen is onder eke ende onder da eerda bisloten ende bitacht. So moet dio moder her kindes eerwe setta ende sella om dat hio da bihield habbe ende biwaer also lang so hit onjerich is dat hit oen forste ner oen honger naet forfare.

(ûntliend oan Nijdam et al. (2023), Frisian land law (s. 218-219)

Fryske oersetting

It tredde needgefal is: as it bern stokneaken is of húsleas en dan de tsjustere dize en ynkâlde winter en de lange tsjustere nacht harren oer de ôffrede fjilden teare, dan giet elkmis op syn hôf en yn syn hûs en yn syn waarme hernen en it wylde dierte siket de lijte fan de bergen en de holle beam, dêr’t er it libben hâlde kin. Dan gûlt en skriemt it ûnmûnige bern en dan beklaget it syn neakene lea en syn húsleazens en (it gemis fan) syn heit, dy’t it bern beskermje moast tsjin de honger en de diiskâlde winter, dat hy (de heit) sa djip en sa tsjuster mei fjouwer neils ûnder eken(hout) en ûnder de ierde besletten en bedutsen leit. Dan mei de mem it lân fan har bern ferpânje en ferkeapje, meidat hja de ferantwurdlikens en de plicht hat (om der noed foar te stean), salang’t it (bern) ûnmûnich is, dat it noch troch froast, noch troch honger, noch yn finzenskip omkomme sil.”

Sjoch foar mear ynformaasje dit filmke oer Aldfryske rjocht fan de Fryske Kanon>>>

Herkomst

Datering

1485

Collectie

Tresoar

Organisatie

Tresoar

Nummer

1074R

Gerelateerde thema's

Middeleeuwen

Beschikbare tools

Overzicht van bron(nen) op de kaart

Alle bronnen