Je sjogge it fuort net oan it orizjineel, mar dit is in gedicht (al is it net sa’n bêstenien…). It fertelt hoe’t de Friezen fan Karel de Grutte om 800 hinne harren ivige frijheid krigen hawwe soenen. Ek al is it ferhaal in leginde, dochs ha lettere keizers, yn de 13e, 14e en 15e iuw, dy frijheid wol offisjeel makke. En de Friezen wienen dan ek ek echt ûnôfhinklik fan sa. 1100-1500. Unyk yn West-Europa! De Friezen dienen der alles oan om dy frijheid oan de bûtenwrâld kenber te meitsjen, benammen groch sjen te litten dat se har eigen rjocht hienen, yn harren eigen taal. Dit geeicht is skreaun yn it Aldfrysk sa’t dat noch oant yn de 14e iuw yn de Grinzer Ommelannen brûkt waard – en dêr komt it hânskrift dan ek wei.
Transkripsje:
Thit was to there stunde / tha thi kening Kerl riuchta bigunde / tha waster ande there Saxinna merik / Liudingerus, en hera fele steric. / Hi welde him alsa waldlike / tha tegethan ther hi fon riuchta scolde bihalda tha kening Kerlis kairska rike.
Oersettins:
It wie yn de tiid, doe’t kening Karel oan it regear kaam, dat yn de krite fan de Saksen
Liudingerus libbe, in tige machtich hear. Dy woe mei geweld kening Karel syn keizerlik ryk de tsienden, dy’t er fan rjochtswegen skuldich wie, ûnthâlde.
(Oersetting en transkripsje op basis fan Vries (2007), Asega, is het dingtijd?
Sjoch hjir nei in filmke oer de Fryske Frijheid út de Fryske Kanon.