Tsjûgeferklearring yn it Aldfrysk. Troch broer Henrick Franiker fan it Dominikaanske kleaster yn Ljouwert. Oer de Bieropstân yn Ljouwert yn 1487. Mei transkripsje yn it Frysk.
Herkomst
Maker |
Unbekend |
Datering |
04-01-1497 |
Collectie |
Nassause Domeinraad 1581-1811 |
Organisatie |
|
Nummer |
1811 |
Gerelateerde thema's
Trefwoorden
Beschikbare tools
Overzicht van alle transcripties
Overzicht van bron(nen) op de kaart
Sertifikaat fan attest 1497
Wy, broder Jacop Ridder, prior der Jacopinen in Liowert, her Peter, persinna to Nyahow, Eerka Sickis, aulderman, ende Willa Heentiema, schepna der
Wy, broer Jacop Ridder, prior fan de Jakobinen yn Ljouwert, hear Peter, pastoar te Nijehou, Eerka Sickis, âlderman, en Willa Heentiama, skepen fan de
sted Liowert, duaet kuith ende epenbeer mit disse epene breue, hoe dat int ieer ws Herens tusent fiowrhundert XCVII, vp den tredde dey in januario,
stêd Ljouwert, meitsje kundich en iepenbier mei dizze oarkonde dat yn it jier fan ús Hear tûzenfjouwerhûndert 97, op 'e tredde dei yn jannewaris,
ber Henric Franiker, cranck fan lichama, men sterck ende forstandich fan sinnen, hath ws, foerbinaemde prior, persinna, aulderman ende schepna
broer Henric Franiker, siik fan lichem, mar sterk (fan ferstân) en goed by sinnen, ús foarneamden, prior, pastoar, âlderman en skepen
in Liowrd, ontbaden ende laid to him toe commen om summinghe tinghen to forclarien ende der wird om en ewich memorie en orkenschip to
yn Ljouwert, untbean en oproppen hat om by him te kommen om guon dingen nei wierheid te ferklearjen, ta in ivich oantinken en om tsjûgenis ôf
duaen twiska der sted ende Peter Kamminga, als fan da schurtinghe ende twidracht, deer hia bituiska heden, wr acht of nioghen ieren,
te lizzen (oer wat der foarfallen is) tusken de stêd en Peter Cammingha, en wol oangeande it skeel en de ûnienichheid dy't der tusken harren west hat, acht of njoggen jier
foer sunte Jacopsjond, da dio sted deernei wonnen waerd, etc., ende hath ws forreckneth ende biorkneth, in craft des edes by God ende syn
lyn, (op 'e dei) foar sint Jabiks-jûn [23 july], wêrnei't de stêd ynnommen waard, etc., en (hy) hat ús út 'e doeken dien en betsjûge, by krêft fan syn eed by God en syn
ewighe salicheit, da wird, deer him deerfan kundich is, in maneren neiscriouen. Int aerst, als dy oprin ende twidracht tuiska da burgheren
ivige sillichheid, de wierheid dy't him dêrfan bekend is, (en wol) as folget. Foarst, doe't de oprin en ûnienichheid tusken de boargers
in Lyowrd bigonnen waes ende summighe weren jagghet vp Peter Kamminga huus, deer se Peter bischutte ende onthilde, so ist hluid ende gerufte
yn Ljouwert begûn wie en guont op Peter Cammingha syn hûs jage wiene, dêr’t Peter harren beskerming joech en in ferskûl bea, der fan praat en grute
commen op der streta ende int klaester to Jacopinen, ho dat Peter Kamminga in neden weer, in perikel ende anxta syns liues, hueerom da
waard op strjitte en yn it Jakobinekleaster dat Peter Cammingha yn need, perikel en libbensgefaar wie, om reden wêrfan’t
broren haestlic wtginsen sint ende ber Henric vp Kamminga huus mey commen is ende hat alting wrsioen, alsoe datter bifond nenerleya foer
de bruorren (fan it Jakobinekleaster) hastig en broer Henrick lyksa op Camminghahús kommen binne en (hy) hat alles mei eigen eagen sjoen, dêr't er by fêststelde dat der hielendal neat
sichticheit vpt huis to wessan, als to sucke duaen biheerde, want deer bieer noch braed waes, ende summighe broren mit kannen onder hiarra
regele wie op it hûs, lykas yn sa'n tastân wol wêze moatten hie, want der wie bier noch brea, en guon bruorren brochten bier yn kannen ûnder harren
mantelen bieer to Peters huus brochten, ende da deer vpt huus weren, foergaren supa, omtrent een tonna of oerhael, ende oers nen dranck
mantels yn Peter syn hûs, en dejingen dy't op it hûs wiene, fandelen sûpe byinoar, likernôch in tonne of oardeheal, en oars wie der gjin drank
vpt huus waes, ende dat braed waerd wr da mura ende wr dat steck worpen. Item, da bussen ende armbursten weren birustiget ende onbirat ende
yn 'e hûs, en der waard brea oer de muorre en oer it stek smiten. Item wiene de fjoerroeren [gewearen] en krúsbögen ferruste en net klear foar gebrûk en nei
dat bussekruit waerd wild socht ende wist ma naet hueert waes. Also dat ma hyr wt weerheflic ende sekerlic muchte merke ende bikanne, dat
it buskrût waard yn 't wylde wei socht en hja wisten net wêr't it wie. Dus kin men hjir nei wierheid en mei wissichheid út opmeitsje en (hjiroan) ûnderkenne dat
Peter Kamminghe nen vpset noch reed to disse twidracht jowen ende macketh hede ende nen foersichticheit vp deen hede. Als dan Peter in sucke
Peter Cammingha gjin foaropset plan hie en ta dizze ûnienichheid net oanset hie en dy (ek) net oankommen sjoen hie. Doe't Peter sa
hlest waes, so fregede ber Henric Peter, of hy aet tideth of wiste enich ontset, want da borgers seer strenglic aenghinghen. Da freghede Peter
yn 'e knipe siet, frege broer Henrick Peter oft er eat tidige of wist dat der ûntset ûnderweis wie, want it gie der tige oan wei mei de boargers. Doe frege Peter
ney syn moder ende als him bitiut waerd, dat hio int klaester laet waes, so seynt Peter ber Henric to Doede, syn moder, om to fregien, haet
nei syn mem en doe't him oantsjut waard dat se yn it kleaster laat wie, stjoerde Peter broer Henric nei Doede, syn mem, ta om te freegjen wat der
her gued tochte om ontset to kryen. Da seyde Doede mit scryende aghen, het weer quaed en oirloch to bighinnen en oen to nemmen.
nei har betinken dien wurde moast om ûntset te krijen. Doe sei Doede mei skriemende eagen dat it in minne boel wie om in oarloch te begjinnen en oan te nimmen
Hio rettet foert best, dat Peter schoulde sena, muchter aet sena. Als ber Henric dit boetschip hede brocht, da spreeck Peter Kamminge to da burgeren
Het leek haar het beste dat Peter een zoen [vredesverdrag] zou aangaan, (tenminste) als er nog iets te zoenen viel. Toen broeder Henric deze boodschap had overgebracht, toen sprak Peter Cammingha tot de burgers
ende meente, deer omt huus weren: "Y guede burgeren. Disse mannen, deer vp myn huus fleyn sint, da kan ic qualic wtwerpe, neidaem
en mientelju dy't om it hûs hinne wiene, ta: "Jimme goede boargers! Dizze manlju, dy't op myn hûs flechte binne, dy kin ik net bêst útwize, want
dat se aen my fleyn sint ende biyeriet fan mij bischirmt to wessen. Men want ic nu ter tijt mei bin en schepna fan Liowert, so wil ic ende ontheet
se binne nei my taflechte en begeare om troch my beskerme te wurden. Mar om't ik op dit pas ek skepen fan Ljouwert bin, bin ik ree en ûnthjit ik
da ienne, deer ienna forseka, vp den dey moern to lywerien foer den ghemene reed Liowert, hueer datmis mit riucht yn forwinna mey. Deer
om dejingen dy't jimme sykje, op 'e dei fan moarn (út) te leverjen oan de hiele ried fan Ljouwert, dêr't se fan rjochten [neffens de wet] skuldich ferklearre wurde kinne. Dêr
wi ic naet yn toienst wessa". Also dat deerney aerst waerd en bistand ende to lesta en soen macketh, dat Peter schoulde twiska twaem stil
sil ik net tsjin yngean". Mei as gefolch dat dêrnei earst in bestån en oplêsten in soen oangien waard, (dy’t ynhold) dat Peter neutraal bliuwe
sitta, weert datter fulck ende fynden foer da sted caem, als da dat hluid toging. Ende deernei Doede wtseynt hir ayn ring bi her Lolla silligher
soe wannear’t der fijanlik folk foar de stêd komme soe, lykas it praat gie. En dêrnei joech Doede har eigen ring mei oan hear Lolla silger
tochtnisse ende leet Wijtia sidza, hoe alting forliketh weer binna der sted, dattet fulck weer aeftiaen schoulde, etc. In en weerheit ende mara festicheit
oantinken en (dy) die Wyttia te witten dat se it mei-inoar iens wurden wiene yn de stêd, dat it folk moast no wer fuortgean, etc. Ta in (tsjúgenis fan de) wierheid en noch mear wissichheid fan
disse punten ende orkenschips forscr. so hath ber Henric, prester to Jacopinen forscr., ws allen ghemeenlic ende en ighelic biisunderling beden dit orkenschip to ont
dizze foarneamde útspraken en (dit) tsjûgenis hat foarneamde broer Henrick, preester by de Jakobinen, ús allegearre mei-inoar en elk apart fersocht om dit tsjûgenis oan te
faen ende to bisiglien om syn bede wille, ende wy, ber Jacop, prior, her Peter, Eerka, aulderman, ende Willa, schepna in Liowrd, habbet vse seglen hanghet
nimmen en te besigeljen op syn fersyk, en wy, broer Jacop, prior, hear Peter, Eerka, álderman, en Willa, skepen yn Ljouwert, hawwe ús sigels hongen
hyr benya aen dit breef om bede willa ber Henrics ende foerdsterkinghe der wird, int jeer ws Herens tusent fiowrhondert saun en tniogentich,
hjirûnder oan dizze oarkonde op broer Henric syn fersyk en (ta) fersterking fan de wierheid, yn it jier fan ús Hear tûzenfjouwerhûndertensáânennjoggentich,
op den fierda dey in januario.
op ‘e fjirde dei yn jannewaris.